Tsjerke yn Burgum siket neibesteanden fanwege grêfûnderhâld

De Krústsjerke yn Burgum is op syk nei neibesteanden sadat dy betelje foar ûnderhâld fan de grêven. Foar guon grêven is al tweintich jier net mear betelle. Dêr is de tsjerke achterkaam no't se de administraasje fan de grêven oersette nei de kompjûter. Op it tsjerkhôf yn Burgum binne sawat 3500 grêven. Fan in soad grêven fan 1918 oant 1980 is net dúdlik wa't de neibesteanden binne, en dus ek net wa't betelje moat.
De tsjerke yn Burgum besiket der no achter te kommen wêr't de neibesteanden wenje. En dat is in drege put, want in soad minsken hawwe nei in ferhuzing gjin nij adres trochjûn. Yn oare gefallen binne gegevens ûnbekend omdat der eartiids inkeld mûnlinge ôfspraken makke binne. Adressen opfreegje by de gemeentlike administraasje mei net mear. Administrateur Bernhard Bos fan de tsjerke hat no goed sânhûndert fan de 3500 grêven yn kaart brocht. Dêrfan binne mear as hûndert neibesteanden net bekend.
Op it tsjerkhôf binne giele en reade buordsjes pleatst neist de grêven. Giele buordsjes jouwe oan dat der al in skoft net betelle is foar it ûnderhâld fan it grêf. As in read buordsje njonken it grêf stiet, betsjut dat dat de grêfrjochten mooglik ferfallen binne. Dat soe betsjutte kinne dat de tsjerke it grêf oer in jier romje mei. Dan kin in oar it grêf keapje. Op it ynformaasjeboerd fan de tsjerke stean de nammen fan de ferstoarnen mei ûnbekende neibesteanden ek. Sa hopet de tsjerke dat minsken harren melde sille.
Yn 2012 is besletten dat alle tsjerken yn Nederlân de administraasje digitaal hawwe moatte. Dan giet it ek om de administraasje fan it tsjerkhôf. De Krústsjerke yn Burgum hat nei in pear jier in goed softwaresysteem fûn foar de administraasje. Al kamen se der dêrtroch wol achter dat der in soad ynformaasje net goed byhâlden is.