"De ein fan in hiel lang tiidrek"

Sloop op in histoaryske lokaasje yn Ljouwert dizze dagen. Oan it rivierke De Potmarge wurde de lêste kassen fuorthelle, om plak te meitsjen foar in sportfjild foar skoallemienskip Comenius. Earder stie it gebiet fol mei kwekerijen, mar dy binne yn de rin fan de tiid ferdwûn. En noch earder, yn de achttjinde iuw, stie op it plak Mariënburg, it bûten fan Maria Louise, de frou fan stedhâlder Johan Willem Friso. Yn dat gebou sit no de skoalle.
In protte histoarje
Cor van der Ploeg hat sels lange tiid kweker west op it terrein, en sjocht de histoarje no ferdwinen. "De ein fan in tiidrek, in hiel lang tiidrek." sa seit Van der Ploeg "Marijke Meu hie hjir al kwekerijen: in lusthof mei sa's 7,3 hektare oan grûn. Op dy grûn arbeide J.H. Knoop, in bysûndere man dy't 1730 en 1740 al tige bysûndere soarten planten hjir kweekte: abrikozen, perziken, druven."
Van der Ploeg hat fan syn 20ste jier ôf in kwekerij hân by De Potmarge. De leafde foar de kwekerij siet der by Van der Ploeg al betiid yn: "As in jonkje fan 10 jier rûn ik hurd fan skoalle nei myn buorman ta, hy wie kweker. En doe sei ik ek al tsjin ús mem: ik wol kweker wurde." Van der Ploeg hat úteinlik 40 jier lang in kwekerij hân. Hjirnei ferkocht er it bedriuw oan syn kompaan Berend de Haan, dy't net lang dêrnei kaam te ferstjerren. Neffens Van der Ploeg hie syn kwekerij der noch wol stien as De Haan langer libbe hie.
Van der Ploeg kweekte benammen âlde soarten fruit en griente, lykas meloenen, wite komkommers, reade beien en krúsbeien.