F-16's fan fleanbasis Ljouwert werom út Litouwen

F-16's © Twitter Vliegbasis Volkel
De fjouwer F-16's fan de fleanbasis yn Ljouwert en Volkel komme tiisdei werom fan harren missy yn de Baltyske Steaten. Se hawwe dêr yn NAVO-ferbân fan jannewaris ôf it loftrom bewekke en wurde oan de ein fan de middei werom ferwachte. De F-16's hawwe 10 Russyske fleantugen ûnderskept. Dat is neffens kommandant Dennis Luyt yn alle gefallen goed gien.