"Sûnder de KNRM hie ik der net mear west"

Tûzenen kearen yn it jier komme de frijwilligers fan de Keninklike Nederlânske Rêdingsmaatskippij (KNRM) op it wetter yn aksje om minsken te rêden. Bygelyks om't in boat mei stoarmwaar fêst komt te sitten yn in ûndjippe fargeul, technyske problemen hat of om't dy troch woest waar en hege golven omslein is. No sneon fertelle frijwilligers fan tsientalllen rêdingslokaasjes fan de KNRM yn Nederlân wat se krekt dogge en wêrom't harren wurk sa belangryk is.
"Frijwilligerswurk by de KNRM biedt mear as allinnich wat spanning"
Jentsje van der Molen út Ie is fjirtjin jier frijwilliger by de KNRM. As skipper fan de rêdingsboat is er al hiel wat kearen útfearn foar kalamiteiten op it wetter. "Yn dy fjirtjin jier binne der in soad rêdingsaksjes foarby kaam, mar guon bliuwe je dochs altyd by."
Van der Molen fertelt dat er him eartiids as frijwilliger oanmelde by de KNRM, om't it him wol spannend talike, mar troch de jierren hinne is er der wol acher kaam dat it wurk dochs echt in hiel oare kant hat.
"Wat ik nea ferjitte sil, is hoe't wy minsken fan de dea rêden hawwe. Dat hie net in soad skeeld. Se wiene by it Westgat fêstrekke yn in ûndjippe fargeul. Yn de heftige brâning batste de kyl hieltyd op 'e boaiem." Troch it hurde stampen duorre it net lang oft de hiele kyl rekke ûnder de sylboat wei. "De boat sloech oer de kop en de minsken sieten noch mei lifelines oan de boat fêst.
Troch it minne waar wie it dreech om by de minsken te kommen. It slagge ús lang om let om de minsken los te krijen en feilich oan wâl te bringen." Spitigernôch slagget it net altyd om minsken libjend oan wâl te krijen. "Soms moatte wy sykje nei deade minsken yn it wetter. Dat is ferskriklik."
"KNRM redde mijn leven, én dat van mijn vrouw en kinderen"
Drinkeling Jelle Buning út Súdhorn yn Grinslân is der wis fan. "Ik heb mijn leven aan de vrijwilligers van de KNRM te danken. Als zij er niet waren geweest, dan had ik dit niet na kunnen vertellen."
Buning is op 12 september 2009 op kursus op de Folkshegeskoalle op Skylge as hy beslút efkes in dûk te nimmen yn see. Twa oare kursisten gean mei him mei. Ien beslút dochs op it strân te bliuwen by it oansjen fan de see. In oare kursist makket in pear slaggen, mar fynt de see te wyld en beslút werom te swimmen. Buning is fan plan noch in pear slaggen te meitsjen en dan werom te gean nei it strân. "Maar het lukte niet, de zee was te woest, de golven te sterk. Het lukte me niet om tegen de stroom in te zwemmen, ondanks mijn conditie."
De kursisten slaan alaarm en dan duorret it noch hast fiif kertier oant de KNRM úteinlik by him komme kin. "Met gevaar voor hun eigen leven probeerden ze mij te zoeken, maar ik was bijna onvindbaar door de heftige golfslag. Probeer dan maar eens een mensenhoofd te ontdekken."
Uteinlik slagget it de frijwilligers om Buning út it wetter te heljen. "Ze hebben niet alleen mijn leven gered, maar ook dat van mijn vrouw en kinderen. Zij hadden anders geen echtgenoot of vader meer gehad en dan was ook hun leven verwoest." Buning koe it ferhaal neifertelle, mar in pear oeren nei syn rêding kin in 65-jierrige frou it net fan de see winne.
Teäterfoarstellings yn rêdingsstasjons KNRM
Buning fertelt dat er no nei al dy jierren net mear bang is foar de see. "In het begin heb ik er veel over gedroomd, nu is die angst weg. Ik heb wel ontzettend veel ontzag voor de zee gekregen. De zee geeft en de zee neemt. De zee is ontzettend sterk en wij als mensen zijn zo ontzettend klein."
Buning seach de dea yn eagen en makke der jierren letter de teäterfoarstelling 'De ideale drenkeling' oer syn drinkelingeferhaal op see. It stik is ferline jier op it Grinzer Noorderzonfestival yn premjêre gien. "Deze zomer spelen we het stuk opnieuw, onder andere in KNRM-boothuizen in Lemmer, Harlingen, Hindeloopen, Vlieland, Ameland en Schiermonnikoog."
Mear frijwilligers nedich
Ferhalen as dat fan Jelle Buning ûnderstreekje it belang fan it wurk fan de frijwilligers fan de KNRM. Jentsje van der Molen fertelt dat ek by de KNRM yn Lauwerseach altyd nije frijwilligers nedich binne. "Jo moatte wat foar in oar syn libben oer hawwe. As dat yn ien sit, dan ferwolkomje wy dy minsken graach as frijwilliger by de KNRM. Mar donateur wurde is fansels ek hiel moai!."