Ekstra riedsgearkomste oer minderheidskoälysje It Amelân

Amelân © ANP XTRA
De gemeenterie fan It Amelân krijt nije wike moandei in taljochting op de syktocht nei in nije koälysje. De ôfrûne wiken hawwe twa ynformateurs besocht sa'n nije koälysje te foarmjen, neidat wethâlder Will Bakema begjin april opstapte.
De ynformateurs binne dêrby útkaam op in koälysje fan CDA, VVD en PvdA. Dy hat yn de gemeenterie gjin mearderheid. Doel wie dat de taljochting al by de lêste gemeenteriedsgearkomste jûn wurde soe, mar dêr gie in mearderheid fan de ried net mei akkoart. Dêrom is der moandei in ekstra riedsgearkomste. Dy is oanslutend op de al plande kommisjegearkomste.