Trekkers en fanfare moatte mûnedei ekstra kasjet jaan

© Henk Bootsma
Der dogge dit jier 54 Fryske mûnen mei oan de Nationale Molendag. Neist dat de mûnen de doarren iepensette foar it publyk, binne der ek oare aktiviteiten.
Mûnen yn Alde Leie, Vegelinsoard en Hollum (op It Amelân) hawwe ferhalefertellers op besite, yn De Blesse stean âlde trekkers en yn Makkingea spilet in fanfare. Dêr wurde ek nije ynformaasjepanielen yn gebrûk naam. De nasjonale mûnedagen binne op 13 en 14 maaie. Lanlik dogge der mear as 900 mûnen oan mei.