Seishûndert wurkleazen sykje ynspiraasje yn stedsskouboarch

01 maaie 2017 - 13:44

De ekonomy lûkt oan. En der komme stadichoan wer mear banen by. Dochs sitte der noch in soad minsken sûnder wurk. Utkearingsynstânsje UWV organisearret dêrom ynspiraasjedagen. Bygelyks yn stedsskouboarch de Harmonie yn Ljouwert.

Sa'n seishûndert wurksykjenden krije dêr tips hoe't se opfalle kinne by wurkjouwers. En se krije de kâns om mei dyselde wurkjouwers yn 'e kunde te kommen. Dat moat benammen de groep fyftichplussers oan in baan helpe. De dei waard iepene troch de direkteur fan it UWV, Tof Thissen.

Spesjale app

Alle dielnimmers koene har yn 't foar oanmelde by in app. Oan de hân fan wat se dêr ynfolje, kinne de dielnimmers yn 'e kunde komme mei wurkjouwers dy't der ek omstappe en deselde app brûke. Fierder is der de mooglikheid om in goede foto meitsje te litten foar je LinkedIn-profyl op ynternet. 

Claudia Bouwens helpt minsken op in oare wize. Sy leart wurksykjende beljen. By de kursus freget se minsken by hokker bedriuwen se graach in kear sjen wolle. Dy wurde belle en dan wurdt in ôfspraak makke. Neffens Bouwens is it de keunst om it net fuortendaliks te hawwen oer in baan. Je moatte der hinne gean om út te finen oft it bedriuw by je past. Pas letter komt in mooglike baan oan bod. 

Moed hâlde

It grutste part fan de dielnimmers bestiet út fyftichplussers. Dy groep hat it noch hieltyd dreech om oan wurk te kommen. Neffens Tof Thissen fan it UWV moatte minsken de moed net opjaan. Aldere minsken ha just in soad te bieden en as je dat fertrouwen útstriele dan komt dy baan fansels.

Wat sa'n dei krekt opsmyt, is net bekend. Neffens it UWV is dat ek dreech nei te gean. It belangrykste is dat minsken selsfertrouwen krije. Dan stappe se makliker op nije wurkjouwers ôf en dogge se dat net mear op de âlderwetske wize: sollisitearje op in advertinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)