Duinen Zathe: "Meiwurker achtbaan hannele yn belang gasten"

De meiwurker fan attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea dy't snein de nije achtbaan yn klom om in karke los te triuwen, hat ''ondoordacht, maar in het belang van de gasten'' hannele. Dat seit Jeroen Kolhoff fan it attraksjepark. De meiwurker klom sûnder befeiliging omheech, wylst der wol falbeskerming is. Meiwurkers moatte dy altyd oanlûke en sille dêr no opnij op wiisd wurde.
In filmke weryn te sjen is dat de meiwurker omheech klimt, is op ynternet pleatst en al mear as 11.000 kear besjoen. Neffens Kolhoff wie de ynstek fan de meiwurker goed. ''Hij wilde snel handelen om de kar met inzittenden zo snel mogelijk weer op gang te krijgen.'' Dat it karke mei passazjiers hingjen bleau, komt troch nije lagers yn de tsjillen. Dy moatte neffens Kolhoff noch ynslite en dêrom bliuwe de karkes ynsidinteel fêstsitten. De ynsittenden ha gjin momint yn gefaar west, seit Kolhoff. ''De karretjes zijn goedgekeurd en voldoen aan alle veiligheidseisen.''
Duinen Zathe hie snein neffens Kolhoff mei 2000 besikers de drokste dei ea.