34.000 euro subsydzje foar Frjentsjerter ynterieurûndersyk

Stichting Interieurs in Fryslân hat rom 34.000 euro subsydzje krigen fan de gemeente Frjentsjerteradiel om in ynventarisaasje te meitsjen fan histoaryske ynterieurs yn de gemeente.
De stichting dy't yn 2013 oprjochte is hat ta doel om úteinlik it ynterieur fan alle monumintale huzen en pleatsen yn Fryslân te beskriuwen. Earder waard dat al dien foar Súdwest-Fryslân, Harns en Dongeradiel.