Feanster bedriuw Sidijk kampt mei personielstekoart

Opdrachten net oannimme kinne, omdat der net genôch kwalifisearre personiel te krijen is. Dat oerkomt it bedriuw Sidijk op It Hearrenfean geregeld. It bedriuw is bekend fan de luchtkessens en ek de boardings by it reedriden, mar makket folle mear lykas yndoar boarterstunen en trampolineparken. It bedriuw is ek fier bûten Nederlân aktyf en súksesfol. Yn 2014 wie it de offisjele leveransier fan de Olympyske Spelen yn Sotsji.
Se ha benammen yndustriële naaiers nedich en minsken foar ynstallaasjewurk oer de hiele wrâld. Om sels wat te dwaan oan it tekoart oan naaiers is Sidijk al in ynterne oplieding begûn. De measte minsken dy't goed naaie kinne, bedarje no yn de konfeksje. Mear omtinken op basisskoallen foar it naaien, soe neffens Sidijk direkteur Klaas Siderius ek helpe kinne.