Marjolijn Kroon nominearre foar kuorbalster fan it jier

Ynternasjonal Marjolijn Kroon foar it earst as LDODK-er yn de League © AWfoto.nl
Ynternasjonal Marjolijn Kroon van LDODK fan De Gordyk is nominearre foar bêste spylster fan it jier yn de kuorbal league. Kroon moat it opnimme tsjin Ilona van den Berg fan AW.DTV en Celeste Split fan TOP/Quoratio. Van den Berg wie de winneres fan 2016. De nominearren binne foardroegen troch de coaches fan de tsien klups yn de kuorbal league en de ôfdieling topkuorbal fan it KNKV. Fan elke klup meie no 25 minsken harren stim digitaal útbringe op ien fan de trije kuorbalsters. Der binne ek oare kategoryen, sa as spiler, coach en skiedsrjochtersduo fan it jier. De prizen wurde op 6 maaie útrikt yn Ermelo.
Kroon makke ferline jier de oerstap fan KZ út Koog aan de Zaan nei LDODK. Dêroer sei se: "LDODK heeft een leuke ambitieuze groep, met een goede staf. Ik hou wel van een beetje bluf, zeker wanneer daar een doordacht plan achter zit. En dat heeft LDODK."