Ljouwert iepenet keatsseizoen mei winst op Bangmapartij

LKC Sonnenborgh Ljouwert hat snein de 66e edysje fan de Bangmapartij yn Weidum wûn. De keatsers Enno Kingma, Hillebrand Visser en Hans Wassenaar fersloegen yn de finale troch in boppeslach fan Visser mei 5 om 4 en 6-4 Sint-Jabik. Dit partoer bestie út de keatsers Bauke Triemstra, Taeke Triemstra en Renze Hiemstra. Foar LKC wie it de sânde oerwinning op de Bangmapartij en foar Hilbrand Visser syn earste yn de haadklasse. De tredde priis gong nei de ôfdielingen Easterein en Bitgum.
Taeke Triemstra kaam troch syn twadde priis op it tsiende plak yn it ivich klassemint mei 639 punten. De Bangmapartij is de iepener fan it keatsseizoen fan 2017.