VC Snits ûnderút yn earste finalewedstriid tsjin Sliedrecht

VC Snits hat sneintemiddei thús de earste finalewedstriid om de Nederlânske titel mei 3-1 ferlern fan Sliedrecht Sport. De follybalsters fan Snits makken yn de earste set te folle fouten by de opslach. By Sliedrecht gong it wol goed en dy wûn dizze set dan ek mei 25-14. Ek de twadde set gong nei in lange rally mei 25-23 nei Sliedrecht. Nei dizze domper kaam Snits werom yn de wedstriid en pakte de tredde set yn 25-15. Dochs joech Sliedrecht de foarsprong net mear út hannen en wûn ek de fjirde set yn 25-22.
Nije wike sneon is de return yn Sliedrecht.