Snits Wyt Swart wint mei doelpunterein fan Dieze West

© Omrop Fryslân
It reinde doelpunten sneintemiddei yn de útwedstriid fan Snits Wyt Swart tsjin Dieze West en wol yn it foardiel fan de Snitsers. Se wûnen it duel mei mar leafst 8-0. De iepeningstreffer foel al yn de 5e minút doe't Alwin Velds in strafskop foar in oertrêding op Sean de Ruiter wist te fersulverjen. Fia goals fan dyselde De Ruiter, Wieger Zwaan en Freerk de Jong waard de stân by rêst 4-0.
Ek nei it skoft koe Dieze West neat ynbringe. Mei treffers fan opnij De Ruiter, Jakob Lubbers en nochris twa fan Zwaan ferdûbele Snits Wyt Swart de skoare.