Ferkear Ofslútdyk moat oant moandei oer súdlike brêge

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
It ferkear út beide rjochtingen op de Ofslútdyk moat noch oant moandeitemiddei oer de súdlike brêge. Dat meldt de NOS. Yn de noardlike brêge by de Lorentzslûs ûntstie sneontemiddei in steuring. De draaibrêge woe net langer ticht. Der ûntstie in lange file op de A7 rjochting Noard-Hollân. Healwei de middei kaam it ferkear wer op gong.
Monteurs binne noch hieltyd dwaande om de steuring op te lossen. Earst waard tocht dat it in elektroanysk probleem wie, mar it blykt no in meganysk mankemint te wêzen. Neffens Rykswettersteat slagget it net mear om dat sneontejûn noch op te lossen.
De lêste jierren binne der mei regelmaat steuringen oan de brêgen yn de sneldyk.