Anouska Koster wint twadde etappe yn Tsjechië

Anouska Koster (argyffoto) © awfoto.nl
Anouska Koster fan De Westereen hat freed de twadde etappe fan de Tsjechyske etappekoers Gracia Orlova wûn. Foar de Nederlânsk kampioene wie it de twadde ynternasjonale oerwinning yn it read-wyt-blau. It ôfrûne jier wûn se in etappe yn de Ronde fan Noarwegen.
Yn de etappe Lichnov-Lichnov oer 100 kilometer bruts de wedstriid nei 69 kilometer iepen. Nei in pittige beklimming ûntstie der in kopgroep fan 35 froulju. De hiele ploech fan Koster (WM3) siet yn dy kopgroep. Anouska Koster wie de rapste yn de einsprint.
Riejanne Markus, ploechmaat fan Koster, wûn tongersdei de earste etappe. Markus is ek de liedster fan it klassemint. Koster is de nûmer twa. De wedstriid yn Tsjechië duorret oant en mei snein.