Fans fan Cambuur opnij traktearre op moaie jûn

Sportklup Cambuur sit noch hieltyd yn in goeie schwung. De Ljouwerters hiene yn eigen hûs gjin probleem mei FC Eindhoven (4-1). Fan it earste fluitsignaal ôf sette Cambuur oan, en it wurkjen waard ek al gau beleane. Al nei acht minuten koe Hoefdraad, nei in moaie kombinaasje mei Bakker troch it sintrum de 1-0 binnensjitte. De 2-0 kaam yn de 19e minút nei in penalty fan Bakker, dizze folge op in oertreding op Van de Streek. Hjirnei bleau Cambuur oantrunen op mear goals, en krige de ploech fan Hulshof dikke kânsen, mar de bal woe der pas yn de 42ste minút wer yn. Kluptopskoarer Van de Streek wie dejinge dy't de 3-0 makke. Flak foar de rêst like it dan ek noch 4-0 te wurden, mar Van Deelen koe krekt net ta in goed skot komme.
Op en del
Yn de twadde helte krige Cambuur lykwols fuort in tsjindoelpunt om 'e earen. Lieder skoarde foar de gasten út Eindhoven. Mar dy opleving fan FC Eindhoven duorre net lang want al yn de 51ste minút sette Lilipaly Cambuur op 4-1, en wie it ferskil tusken beide ploegen wer trije doelpunten. It spul gie hjirnei op en del tusken beide ploegen en de Ljouwerters krigen noch in tal grutte kânsen, mar de stân bleau úteinlik stekken op 4-1.