Menistetsjerke Damwâld fiert 250 jierrich bestean

It is sneon op 'e kop ôf 250 jier lyn dat de earste stien fan de Menistetsjerke yn Damwâld lein waard. De tsjerklike gemeente stiet dêr sneontemiddei by stil mei in feestlike byienkomst. Oebele Vries, âld-universitêr dosint Fryske skiednis oan de Ryksuniversiteit fan Grins, sil in lêzing jaan oer de skiednis fan de meniste tsjerke.
Dêrneist sil foargonger Ietsje van der Meer in werinneringspreek hâlde. Bysûnder oan de Menistetsjerke fan Damwâld is dat it ien fan de âldste skûltsjerken is. Yn de 16e en 17e iuw mochten oare religieuze streamingen as de grifformearde tsjerke har net yn it iepenbier ferkundigje. Dêrom waarden saneamde skûltsjerken oprjochte. De byienkomst begjint sneon om healwei twaen.