Kollum nimt nije passantehaven yn gebrûk

De nije passantehaven fan Kollum wurdt sneon offisjeel yn gebrûk naam. Troch trije brêgen, wêrûnder dy yn de rûnwei, heger te meitsjen kinne boatsjeminsken no trochfarre en oanlizze deun by it doarpshert. De iepening is ûnderdiel fan in grut tal feestlikheden yn it doarp yn it ramt fan de Kollumer Katdagen. Hjirfoar waard freed ûnder kâlde waarsomstannichheden ek de Kollumer Katloop organisearre foar skoaljeugd, rekreanten en wedstrydrinners.