In pier, de WC yn de Prinsetún of dochs de havenljochten?

30 apr 2017 - 09:00

De ferkiezing foar It Moaiste fan Fryslân krijt in soad bysûndere nominaasjes binnen. De aksje is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad. Yn tsien ferskate kategoryen meie minsken sels oanjaan hokker plakje yn Fryslân neffens harren yn de top 100 stean moat. It giet dan bygelyks om de kategoryen Wenje, Wurkje, Publike Gebouwen, Doarp en Stêd en Ikoanen. In sjuery hat de earste 50 plakken al selektearre foar de top 100, it is no oan de ynwenners fan Fryslân (en fansels alle oaren dy't in miening hawwe oer ús provinsje) om de oare 50 te nominearjen.

De ynstjoerings litte oant no ta in hiel moai en ferskaat byld fan ús provinsje sjen. Njonken in protte tsjerken en bekende monuminten, lykas de Wetterpoarte, nominearje minsken ek in soad plakken dêr't de minsken net sa 1, 2, 3 oan tinke soene by de titel 'Moaiste fan Fryslân'. Sa is der in nominaasje binnenkaam foar it toiletgebou yn de Prinsetún, it skoalgebou fan de ROC Friese Poort yn Ljouwert en Sporthal De Trije yn Frjentsjer. En foar eltse nominaasje hawwe de ynstjoerders in goede motivaasje meijûn, want der moat fansels noch wol stimd wurde.

It Reade en Griene Fjoer

Klaas Zwaan fan Starum is ien fan de minsken dy't in nominaasje trochjûn hat. Neffens him moatte de havenljochten fan Starum, troch de stedsbewenners sels it Reade en Griene fjoer neamd, op de list set wurde. "Dizze jitizeren bousels (yn 1884 troch de Ingelske firma Brothers and Co., House Engineers Constructors út Birmingham makke) liede de beropsfeart en de wettersporter nei in feilige haven, de ynfalspoarte fan Fryslân," sa seit Zwaan yn syn motivaasje foar syn kar. "Nearne yn Nederlân en foar safier my bekend ek nearne yn de wrâld steane fergelykbere prachtige havenljochten as hjir yn Starum." De foarmjouwing fan de ljochten hat oerienkomsten mei de eardere pier yn Scheveningen en ferskate ferneamde pieren yn Ingelân. De havenljochten steane ek op in searje postsegels fan République de Guineé, en ek de gemeente Súdwest-Fryslân makket neffens Zwaan graach gebrûk fan de herkenbere havenljochten op harren drukwurk.

Natuer en kultuer op ien plak

Lolkje van der Meulen-Boersma út Paesens hat de Pier by Paesens-Moddergat nominearre foar de list 'Moaiste fan Fryslân'. De foto dy't se opstjoerde, jout in moai byld fan de man-makke pier dy't yn harmony mei de natuer bestiet. Van der Meulen-Boersma jout ek oan dat se in protte foto's fan de pier hat, en dat it net dreech wie om dêr ien út te sykjen. "Ik haw hjirfoar keazen om't toeristen krekt lykas iksels in protte genietsje fan de pier. It is achter dyk alle kearen wer oars."

Skiednis bewarje foar de takomst

Yn de kategory Vervoer is it ferfier per skûtsje nominearre troch Klaas Dijkstra. De skûtsjeskipper fynt dat dit wrâlderfguod foar no en letter bestean bliuwe moat, en dêrom in plakje krije moat yn de top 100. Om derfoar te soargjen dat minsken yndie in bining krije mei it ferline en de takomst fan it skûtsjeferfier, moatte minsken witte hoe't it ferfier per skûtsje wurket, sa fynt alteast Klaas Dijkstra.

De ferkiezing krijt úteinlik in top 10 fan absolute toppers yn ús provinsje: yn eltse kategory ien winner. Dizze top 10 sil yn 2018 in rûte troch de provinsje foarmje foar gasten út binnen- en bûtenlân, dy't hjir komme foar Kulturele Haadstêd 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)