Ferkear kin wer oer Saakstra's brêge yn Frjentsjer

Saakstra's brêge yn Frjentsjer is hast klear, oan de ein fan freedtemiddei kin it ferkear der wer oerhinne. Dat is wol in moanne letter as pland. De ferfanging fan de brêge is ien fan de lêste projekten yn it ramt fan Franeker Waddenpoort. Bewenners fan de buert achter de brêge binne bliid dat de brêge klear is, want sy hiene moannen lang in soad ferkear troch de wyk. Ek de ûndernimmers dy't yn de buert sitte, binne bliid dat it wurk klear is, al koene de klanten de saken noch wol goed fine.
Neffens projektlieder Jan Gerritsma duorret it noch wol in pear wike foardat al it wurk by de brêge klear is, mar de ôfspraak mei de gemeente wie dat it ferkear der op freed 28 april wer oerhinne koe en dêr hâlde se har oan.