Kollum: "Doech! Do! Goeie! Hoi!"

Dit is myn lêste kollum. Ik wol heus langer mei it Frysk omtyskje en âlde anekdoates opdjipje. Oer frjemde doarpsfûgels bygelyks. Sa as myn buorfrou op it hoekje. Sy hie yn de jierren tachtich noch gjin dûs of bad en siet midden yn de keamer foar it rút har grutte boarsten te waskjen yn de tobbe. Machtich moai, ferhalen oer sokke ûnfersteurbare minsken dy't de wrâld kleurje.
'Seksy taal'
Mar dochs stopje ik. Ik sit de lêste tiid wat krap yn de tiid. Mar wat wie it leuk om de ôfrune twa jier mei it Frysk dwaande te wêzen. Ik ha dêrtroch pas echt beseft hoe bysûnder it is om de âldste taal fan ús lân te sprekken. Ik ken ien dy't sels gjin Frysk praat en it in seksy taal fynt.
"Oh wat leuk datsto Frysk praatst tsjin de bern!", hear ik wolris yn Den Haag, fan Friezen dy't hjir ek wenje. Om der dêrnei achter te kommen dat hy of sy it sels net docht. Dat fyn ik no spitich. Ik merk it sels yn Fryslân. Ik wie mei ús famke yn de Naturij yn Drachten en ik hearde dat de measte Fryske heiten en memmen Nederlânsk tsjin de bern praten wylst ik se ek Frysk praten hearde.
Tink der no om!
Tink der no om minsken! Aanst is ús taal útstoarn!
Sjoch mar nei it Gaelic, de taal fan Ierlân. Myn sweager is Ier en hy moast it ferplicht leare op skoalle. Dat wie moai. Mar hy koe it net brûke yn it deistich libben omdat it Iersk de twadde taal wurden is. It is ynruile foar it Ingelsk, de taal fan de besetter. Hy hearde it allinich noch op de telefyzje en radio en dus ferlear er it. No is it âlde Iersk in bedrige taal. Se besykje it dêr wol wat op te laapjen mar it is skuorren oan in dea hynder.
Doutzen Kroes
Lústerje no gewoan nei Doutzen Kroes en Nynke. Praat Frysk mei de bern! Net fan dat benaude! It is gjin dialekt hè. It is in Rykstaal. Je kinne se prima leare te skeakeljen en oergean op netsjes beskaafd Nederlânsk.

It Europeesk Buro foar Lytse Talen hat no by âld-minister Schippers pleite dat it Frysk en Nedersaksyske streektalen skoalfakken wurde moatte. Hielendal iens. Ik ha it Frysk net leard op skoalle. We praten it wol, mar yn ús beheinde Wâldpykiaans en gjin folweardich Frysk.
Healwiizjen
Frysk skriuwen learden we ek net. En wat je net kinne, dogge je net gau. En dus is it Frysk allinnich myn sprektaal en net myn skriuwtaal. Dêrtroch is myn wurdskat lytser en kin ik dus letterlik net by alle grutte skatten fan ús taal. En dy binne der! Der binne safolle moaie Fryske wurden as sabeare, tútsjeboartsjen, skielk, healwiizjen, nevebyt, of gewoan 'famke'. Mar noch folle mear wurden dy't ik net iens kin.

En dan bin der noch de wurden dy't streekbûn binne. Sa laken myn Klaaifryske neefkes my froeger út om myn Wâldpykse 'fjilden'. "Doch net sa mâl!", rôpen se dan. "It is tsjllen! Tsjil-len!"
Ierappels en ierpels
Ús beppe, fan Frjentsjer, letter wenjend yn Hallum sei ierappels, wylst ik ierpels sis. Dat is dochs machtich moai, sa'n taaldûns?! Mar as we net útsjogge, sizze ús bern en pake- en beppesizzers aanst allegear 'aardappels'.
Okkerdeis, ek moai. Of 'halje-trawalje'. Of 'skytskoarje'. En wit jo wat 'nokkerjen' is? Ik ha my fertelle litten dat it snuvend gnizen is.
Litte wy net sa as de Ieren wurde, mei it Gaelic. Litte wy moai Klaaifrysk, Wâldfrysk, Súdwesthoeksk, Hylpers, Aasteres, Westers en Eilanners troch elkoar praten bliuwe. En geef Frysk learen bliuwe. Us taal is in grutte skat. Wy binne de iennigen dy't er op passe kinne.
No doech, do, goeie, hoi! Tige bedankt Jakob, en Fryslân fan 'e moarn, en jo foar it lústerjen!
Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tydskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûnderet. Se is te folgjen op Twitter.