Foarsitter Skûtsjemuseum hâldt op mei in lintsje

© Jeroen Gebben
Harmen de Vlas (71) fan Earnewâld hat in keninklik lintsje krigen by syn ôfskied as foarsitter fan it Skûtsjemuseum. Hy is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Boargemaster Jeroen Gebben spjelde him it lintsje op.
De Vlas hat sûnt 1999 bestjoerslid west fan it skûtsjemuseum yn Earnewâld. Yn 2009 waard er foarsitter. Dy funksje hat er no dellein. Woansdei krige Age Veldboom fan it skûtsjemuseum yn Earnewâld ek al in lintsje.