Komst De Stijl-hûs yn Drachten ûnwis troch jildkrapte

De inisjatyfnimmers fan in spesjaal hûs yn de styl fan De Stijl yn Drachten meitsje har grutte soargen oft it allegear wol goed komt mei it hûs. Se rinne in grut jildbedrach mis dêr't se wol op rekkene hiene. Dêrtroch is der no noch sa'n 250.000 euro nedich. It Van Doesburg Rinsemahûs soe in soarte fan museum wurde moatte, neamd nei de twa De Stijl-keunstners Theo van Doesburg en Thijs Rinsema, dy't yn de jierren tweintich fan de foarrige iuw aktyf wiene yn Drachten.
Van Doesburg is bekend fan de huzen yn de Pappegaaiebuert yn Drachten, dy't skildere binne neffens in kleureskema dat hy betocht hie. En de komst fan it museum hie moai past yn it De Stijl-jier, dêr't we midden ynsitte. De stichting hat de gemeente om help frege, mar it is noch net dúdlik oft dy wol finansjeel byspringe wol.