Fuotballers Bûtenpost net nei finale noardlike beker

© RTV Drenthe, René Posthuma
It is de fuotballers fan Bûtenpost woansdeitejûn net slagge de finale fan de noardlike beker te berikken. De ploech fan trainer René van der Weij ferlear yn de heale finale mei 3-0 yn en fan Staphorst. Al yn de tolfde minút kaam Bûtenpost op efterstân troch in goal fan Martijn Brakke en sechtich sekonden letter stie it 2-0 foar Staphorst. Yn de 73ste minút waard it ek noch 3-0 troch in eigen doelpunt fan Rudmer Loonstra en wie de wedstriid spile.
Bûtenpost stie woansdeitejûn foar it earst yn de histoarje fan de klup yn de heale finale fan de beker. De ploech hie him troch dy heale finale al wol pleatst foar de foarrondes fan de lanlike KNVB beker.