Brûnzen Bollen foar Sander van de Streek en Sipke Hulshoff

Martijn Barto en Sander van de Streek fiere de 1-0 © awfoto.nl
Oanfaller Sander van de Streek fan Cambuur is keazen as bêste spiler fan de fjirde perioade, troch de trainers, oanfierders en supporters fan de Jupiler League. Van de Streek spile in belangrike rol foar syn ploech by it heljen fan de perioadetitel. By de titel bêste spiler heart in Brûnzen Bolle (Bronzen Stier). Dêrfan krijt Van de Streek der noch ien, want de Cambuurspiler krijt dy ûnderskieding ek as topskoarer fan de fjirde perioade.
Foar de kategory bêste spiler hawwe de trainers en oanfierders út de Jupiler League in foarseleksje makke mei fjouwer persoanen. De supporters koenen dêr ôfrûne wike op stimme. Van de Streek fersloech dêrby Soufyan Ahannach fan Almere City, Cyriel Dessers fan NAC Breda en Piotr Parzyszek fan De Graafschap.
Hulshoff bêste trainer
Net allinnich Van de Streek wurdt ûnderskieden. Trainer Sipke Hulshoff is keazen as bêste trainer fan de fjirde perioade. Hy en Van de Streek krije harren Brûnzen Bolle oankommende freed, by de wedstriid fan Cambuur tsjin FC Eindhoven. Alle winners fan in Brûnzen Bolle dogge ek automatysk mei oan de ferkiezing fan de Gouden Bolle. De útslach dêrfan wurdt op 16 maaie bekendmakke, by de Jupiler League Gouden Stier Uitreiking.