Poal fan syljachtûngelok is identifisearre

© Tjerk Dijkstra
De Poal dy't sneintemoarn omkaam by in ûngelok mei in syljacht by de Flyhors, is in 56-jierrige man. It slachtoffer is identifisearre mei help fan fingerprinten. It sân meter lange jacht mei ien opfarrende sloech sneintemoarn om.
Mooglik is de man te ticht by de kust kaam en yn in saneamde grûnsee omslein. Yn sa'n see binne de weagen sa heech dat de boat mei de kyl op de boaiem delkomme kin. Fan it jacht bleau neffens de plysje hast neat oer. It slachtoffer hie it syljacht yn Ingelân kocht en wie op wei nei Poalen.