Kollum: "Keare"

"Blykber ha de lêste ferkiezings yn Nederlân, mar ek dy yn de rest fan de wrâld, wat yn it tinken fan Fryske gemeentlike politisy feroare. Twa foarbylden.
Op It Hearrenfean woenen se it museum lêsten net al tefolle jild mear taskikke. Mar doe seinen de lju fan it Domela Nieuwenhuis museum, wat yn dat museum sit, dat se om in oar plak sykje soenen. It koe net mear op It Hearrenfean. No ja, dan kom je as neisaten fan feanarbeiders yn it gewear. Want Domela wie dochs de Ferlosser fan Beets oant Jobbegea, like hillich as Johan Cruijff no. Earst in petysje, dat giet tsjintwurdich op ynternet makliker as fia de doarren. En der soe in manifestaasje komme, en dêr soe Lutz Jacobi mei de fûst op tafel slaan. Dan wit jim it, dan giet de tafel deroan. No dêr waarden se yn Crackstate, it gemeentehûs fan Hearrenfean, dêrt Domela neffens my noch wol ris foar de rjochters stien hat yn it ferline, goed wekker fan. Se seinen foar dy manifestaasje al dat se it iens wiene. Der waard ynienen in sek mei jild fûn en Domela kin bliuwe. Sûnder kantroeren. De manifestaasje waard in sosjalistysk-anarchistysk feestje.
Op De Lemmer waard snein fierd dat it gemeentehûs ôfbrutsen wie en dat op dat plak no de berntsjes fan De Lemmer o sa moai boartsje kinne. Mar in pear dagen earder wie de fiere ôfstân nei haadplak De Jouwer dúdlik wurden. Dêr hiene se sein dat op de âlde pier mei âlde fjoertoer fan De Lemmer op it úteinsje noch in geboutsje stiet. Dat koe wol ôfbrutsen en oprêden wurde. Goh, wat stom. Ik wit net hoefolle fan dy boartsjende berntsjes makke binne yn it tsjuster fan dat hokje, mar eartiids koene je der al prachtich it skûtsjesilen sjen, om't de skûtsjes ek noch de âlde haven yn kamen. En fierder koene je der altyd út de wyn stean. Hokker idioat woe dat hokje, ít útsjochpunt fan de Lemster fiskersfroulju eartiids om te sjen as de manlju hast werom kamen, ôfbrekke. No ja dan giet de âlde nostalch Wietse de Haan al stean, hie samar in petysje en in liet klear en it Lemster Mannekoar song dat dêr. En hiel Lemmer stie mei de fûst omheech. Der kaam de deis dernei al berjocht fan it gemeentehûs, dat it hokje stean bliuwt. Dêr wie gjin draachflak foar ôfbrekken, seinen se ynienen. Krekt as hat in gemeentebestjoer dêr ea rekken mei hâlden.
Samar om. No wie it yn beide sitewaasjes ferskriklik dom dat dy bestjoerders net earst efkes mei har earen by de minsken lâns gien wienen. Ik bedoel: ien kear in slach troch De Lemmer en twa tellen stil stean by de brêge, dan hie wethâlder Jehannes van der Pal witte kinnen dat er mei de hannen fan dat úteintsje ôfbliuwe moast. As je hieltyd gruttere gemeenten krije, dêr’t op himsels neat mis mei is, moat je oan de oare kant folle yngrevener hjir en dêr harkje. Hee, De Jouwer: wit no ris in kear wat der libbet yn Balk en De Lemmer. En Hearrenfean: wol jild jaan oan kulturele haadstêd Ljouwert en net mear oan de eigen kultuer, ja dan fertsjinje je net oars as dat Lutz de boel yn elkoar ramt.
Mar der is ek noch wat oars dat se no sa gau op it goede paad werom kamen. Just, der komme ferkiezingen oan. En je witte no dat je dan earst safolle mooglik minsken gelyk jaan moatte. Mar, en dêr hat Hearenfean fansels lêst fan, de PvdA wit no wol dat se net mear sa rij foarop rinne sille mei wethâlders. Dus dy’t dêr no sitte meie wol graach wat fuortjaan. Dan is der earne oars miskien aanst in plakje foar har. Dat sjoch je ek yn Ljouwert, dêr’t de PvdA mannen moaie plannen op it kleed lizze. Sa fan: jim woenen Asscher net ha, mar as jim ek net op Ekhart/Deinum/Feitsma stimme dan komt der neat fan dizze moaie plannen. Dat hoegden se oars net te dwaan, no wol.
En foar ús is it simpel. We kin alles yn stân hâlde. Ien kear in petysje en it is klear. En wat we aanst stimme? Ja, dat sjoch jim toch net."
Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.