Feroardieling foar ûnseedlik gedrach yn de trein

Justysje © Omrop Fryslân
In 25-jierrige man sûnder fêst wenplak hearde juster in selstraf fan twa wike en twa wike ûnder betingst tsjin him easke. De man hat yn july 2015 in 55-jierrige frou út Harns yn de trein lestichfallen. Hy gie nêst de frou sitten en siet oan har. Ek neidat de frou tsjin him sein hie dat hy opsoademiterje moast, hâlde er de hannen net hús.
Uteinlik rûn er de trein fierder yn, mar naam ek har laptoptas mei. Doe't de frou de tas werompakte gong er wer neist har sitten en siet wer oan har. Hy helle ek noch syn spultsje út de broek. De kondukteur warskôge de plysje, sadat de man yn Harns oanhâlden wurde koe. Hy ûntkende dat er wat dien hie. De útspraak is oer twa wike.