Ferwûnen by ûngelok op Ofslútdyk

Twa persoanen binne tiisdeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok op de Ofslútdyk. It ûngelok barde om tweintich oer sânen yn de rjochting Noard-Hollân. Der wiene twa auto's by belutsen. Nei alle gedachten is de oarsaak glêdens troch in hagelbui.
De ferwûnen binne nei it sikehûs oerbrocht. Plysje, brânwacht en ambulânse binne op it plak fan it ûngelok. It ferkear yn beide rjochtingen moat rekken hâlde mei fertraging.