Flylân hat syn nocht fan bunkerbekladders

De bunkerstichting op Flylân hat skjin syn nocht fan toeristen dy't teksten op de bunkers kalkje. Se roppe fia Facebook minsken op om dat net te dwaan. Se hawwe leaver dat minsken harren nammen op in formulier sette dêr't se de stichting finansjeel mei stypje kinne.
Minsken skriuwe ûnsinteksten op de bunkers, mar der binne ek minsken dy't harren nammen en de datum fan de besite op de bunkers sette. De behearders fan de bunkers roppe de bekladders op om har te melden.
De bunkerstichting oerwaget om mei faasje stekken te pleatsen om de bunkers sa te beskermjen tsjin fandalisme. Dirk Bruin fan de stichting wol dêroer yn oerlis mei terreinbehearder Steatsboskbehear.
De bunkers binne krekt foar it ljocht helle. Se wiene bedobbe ûnder it sân. As alles neffens plan ferrint, giet it bunkermuseum op Flylân takom jier maart of april iepen foar publyk.