Kanadeeske jongerein by oarlochsbetinking Jelsum

65 Nederlânske en Kanadeeske jongeren hawwe tiisdei yn Jelsum in spesjale betinking hâlden by de oarlochsgrêven út de Twadde Wrâldoarloch. De betinking is ûnderdiel fan in spesjale fytstocht fan Ingelân nei Markelo yn Twente by plakken del dy't wichtich west hawwe foar it ferset. Yn Jelsum lizze alliearde fleaners begroeven, sadwaande dat de tocht ek troch Fryslân kaam.
Mei de jierlikse tocht wol de organisaasje omtinken hâlde foar wat yn de oarloch bard is, ek as der gjin feteranen mear binne om it ferhaal te fertellen. It is foar de tredde kear dat de betinkingsfytstocht hâlden wurdt.