Opsterlân hat trije nije troulokaasjes

© Omrop Fryslân
Minsken dy't yn Opsterlân trouwe wolle, kinne dat tenei dwaan op trije nije troulokaasjes yn de gemeente: Landgoed Lauswolt yn Beetstersweach, it Hippolytustsjerkje yn Olterterp en Nieuw Allardsoog yn Bakkefean. Oant no ta koene breidspearen elkoar allinnich it jawurd jaan yn it Lycklamahûs yn Beetstersweach of in troulokaasje foar ien dei oanwize litte. De regels binne no ferromme. Eigeners fan troulokaasjes dêr't de ôfrûne twa jier op syn minst twa brulloften yn it jier west ha, meie no ek 'Huis der gemeente' wurde, sadat dêr offisjeel troud wurde kin.