Soargen oer swalkôffal yn bûtengebiet Achtkarspelen

© Omrop Fryslân
GemeenteBelangen Achtkarspelen makket him soargen oer de omslingerjende smoargens yn it bûtengebiet. Foaral oan de Koaten by Koatstertille en de Miedwei en De Wedze by Twizel is it slim, seit de partij. Binnen de beboude kom binne der genôch frijwilligers dy't it swalkôffal oprêde. Mar se meie bûtenút neat dwaan, omdat dat útbestege is oan Raderwerk, it wurk- en aktivearingssintrum fan Achtkarspelen. GemeenteBelangen freget him ôf watfoar ôfspraken oft der makke binne mei Raderwerk en hoe faak as Raderwerk bûtenút de smoargens oprêde lit.