Film fan Henk Penninga te sjen op filmfestival yn Turkije

It lân neist ús, berjochten fan de keukentafel © Noorderlicht Film
In film dy't makke is troch produksjemaatskippij Noorderlicht út Minnertsgea is útkeazen foar in ynternasjonaal filmfestival yn Turkije. Yn de koarte film 'It lân neist ús - berjochten fan de keukentafel' folget filmmakker Henk Penninga trije jier lang it stik lânbougrûn njonken syn hûs. Tema is de syklus fan alles dat ûntstiet, libbet en feroaret. Der is ûnder oare te sjen hoe't tulpebollen fan it lân helle wurde, hoe't in keppel hynders weide wurdt en hoe't der mei in metaaldetektor yn de grûn socht wurdt.
It filmfestival yn Turkije begjint nije wike freed.