UPDATE: Deade kij by brân yn lisboksstâl yn Lippenhuzen

De measte kij dy't út in baarnende lisboksstâl yn Lippenhuzen helle binne, moatte ôfmakke wurde. Yn de stâl stiene, doe't de brân útbruts, tusken de 40 en de 50 kij. Der binne bistedokters op it plak fan de brân. Sy sizze dat in bytsje reek foar in ko al funest wêze kin. By de brân oan de Tjalling Harkeswei is tiisdeitemoarn nei alle gedachten asbest frijkaam. De brânwacht docht der fierder ûndersyk nei. Neffens de brânwacht is it wenhûs neist de stâl behâlden.
De brân bruts fan 'e moarn om healwei tsienen út. De brânwacht ried mei meardere korpsen út. Fanwege de reek dy't frijkaam, waarden omwenners oproppen om de ruten en doarren ticht te hâlden. Om't de pleats oan in smel dykje stiet, rôp de brânwacht minsken op om fuort te bliuwen en de helptsjinsten de romte te jaan. Der is noch neat bekend oer oare slachtoffers en de oarsaak fan de brân.