Kollum: "Bullshit hâldt ús lyts"

"Begjin dit jier skreau ik in kollum oer Ben Feringa, de winner fan in Nobelpriis foar Skiekunde. Oer syn skrik doe’t er by Nieuwsuur konfrontearre waard mei minsken dy’t de wittenskip achteleas oan de kant skoden as ‘ek mar in miening’. Dyselde Feringa hat sûnder mis ôfrûne sneon meirûn yn de March for Science, de Mars foar de Wittenskip yn Amsterdam.
Want safier is it al kaam. De fertrouwenskrisis tusken de maatskippij en de wittenskip is blykber sa grut dat de wittenskip syn plak opnij befjochtsje moat, lykas Galileo de Roomsk-Katolike tsjerke, doe’t er sei dat de ierde om de sinne draaide en net oarsom.
Byleauwe slacht hieltyd mear foar master op. Byleauwe jout ús it idee dat wy kontrôle oer ús lot ha. En dat ha wy nedich yn sokke ûnwisse tiden. Mar it is net allinne byleauwe dat de wittenskip ûnderwrot. It is ek it gegeven dat elkenien yn it post-Google tiidrek syn of har miening jaan kin, sûnder dat der sprake is fan echte kennis oer in ûnderwerp. In útsprutsen miening ergens oer ha, is net itselde as ergens in protte fan witte. Elkenien is samar in selsbeneamd ekspert op it ynternet.
Tink bygelyks oan dieet-goeroe’s: ‘yt klaai út de Piri-Piri mar, hartstikke goed foar de terms!’ Dat men dêrtroch fjirtjin dagen net nei it húske kin, en nei dy fjirtjin dagen de folsleine fundearring foar in hûs útskyt, is bysaak. Tink ek oan it ter diskusje stellen fan de klimaatferoaring (in optinksel fan de Sinezen!), it nut en effekt fan faksinaasjes (bern krije dêr autisme fan!) of de ûntdekking fan in trepfoarmich stiente yn Hongarije (bouwurk fan aliens!).
Benammen ek de kampanje fan Donald Trump hat grutte ynfloed hân op it imago fan de wittenskip. It hat der sels ta laat dat Amerikaanske wittenskippers nei syn ferkiezing ta presidint oergien binne ta ‘data refuge’, it feilich stellen fan wittenskiplike data op bûtenlânske servers. Folsleine websites mei gegevens oer bygelyks de klimaatferoaring binne opslein op servers fan Pagefreezer, ûnder oaren yn Nederlân. Dus behalve politike en klimaatflechtlingen ha wy no ek dataflechtlingen, bibberjende bits en bytes dy’t asyl sykje foar de achterlikens fan Donald Trump. Mei troch de ynfloed fan dy twapoatige amoebe mei syn karnavalshier is der in anty-yntellektuele hâlding ûntstien dy’t wittenskip assosearret mei elite, mei universiteiten dêr’t fan tocht wurdt dat se polityk bedriuwe.
Lykwols is it net allinne Trump dy’t it wantrouwen tsjin de wittenskip oanwakkeret. Wat te tinken fan de hûnderten akademisy dy’t nei de mislearre coup yn Turkije ûntslein wurden bin of yn de finzenis smiten?
Wantrouwen foar oerheden, ynstânsjes en ynstituten oer is net in minne saak. Sterker: dat is in deugd. Mar dwaan as oft wittenskip ek mar in miening is, is net allinne grotesk en bespotlik, mar ek gefaarlik. It kin ús yn in noch gruttere gaos stoarte, kin de kâns op antwurden op serieuze problemen eliminearje. ‘Doar te witten’ sei de filosoof Kant, in man dy’t 100% wis gjin minister yn it tiim fan Trump wurden wie.
Bullshit hâldt ús lyts, wittenskip makket ús grut. Mar hee, dat is fansels ek mar in miening…"
Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.