Tûzenpoat Gerrit van der Leeuw krijt earste Omrop-lintsje

It earste Omrop-lintsje fan 2017 waard tiisdeitemoarn útrikt oan Gerrit van der Leeuw fan Tersoal. Van der Leeuw waard bliid makke op syn wurk yn Snits. Gerrit van der Leeuw is in tûzenpoat yn De Lege Geaen, hy docht rûnom frijwilligerswurk. Hy regelet it keatsen, soarget foar de krânsen. Gerrit is ek helpkoster fan de tsjerke yn Tersoal neidat er jierrenlang yn de tsjerkeried sitten hat. Op dit stuit is er aktyf foar de nije muzikal, mar net allinne mei it sjongen en spyljen. Hy soarget ek foar de oefenromte en de kofje en tee.
Fierder is Gerrit noch frijwilliger by Aaipop, de Slachtemaraton, de fytsalvestêdetocht, it preamkeskowen, de doarpsfeesten en it doarpshûs de Tuolle. Gerrit is ek op it kuorbalfjild te finen om te skiedsrjochterjen en by de nijjiersdûk yn Tersoal as presintator. Oeral dêr't wat te rêden is, is Gerrit!
"Al wat ik ferwachte hie, mar dit net. Ik fyn it prachtich", sei Gerrit.
Ferslachjouwers fan Omrop Fryslân binne tiisdei de hiele dei op 'en paad om Omrop-lintsjes út te rikken. Sjoch foar mear ynformaasje en folgje it útrikken fan de Omroplintsjes op www.omropfryslan.nl/lintsje.