Jong Hearrenfean kampioen, Jong Cambuur wint en bliuwt deryn

Jong Hearrenfean is kampioen wurden yn de beloftekompetysje. In 1-0 oerwinning by Heracles Almelo wie genôch foar it kampioenskip. Noch net alle wedstriden binne spile, mar it al útspile Hearrenfean is net mear te achterheljen. Luciano Slagveer skoarde moandeitemiddei yn Almelo it beslissende doelpunt. It is foar de twadde kear op rige dat de beloften fan Hearrenfean kampioen wurde yn de reservekompetysje pûl A.
Jong Cambuur wûn de lêste wedstriid mei 6-1 fan Roda JC. Troch de winst spilet Cambuur ek takom seizoen yn de beloftekompetysje. De doelpunten fan de Ljouwerters waarden makke troch Ricardo Kip, Michiel Hemmen (2) en Tyrone Conraad (3).