Minsken oanhâlden en beboete foar stasjonsoertrêdings

© Omrop Fryslân, Andries Bakker
By in mienskiplike kontrôle fan de plysje en ferfiersbedriuw Arriva op it stasjon yn Ljouwert binne freed 31 minsken oanhâlden of hawwe in boete krigen. It giet benammen om swartriders. Ien swartrider hie earder in reisferbod foar swartriden oplein krigen. Boppedat binne minsken beboete om't se op it perron smookten of fytsten, net meiwurkje woene of harren net identifisearje woene.