De Gordykster Merke giet fan de moandei nei de snein

De Gordykster Merke ferhuzet mei yngong fan dit jier fan de moandei nei de snein. Mei dizze maatregel wol de Stichting Marktbeheer mear besikers en merkkeaplju lûke. De lêste jierren rûn it tal ynskriuwingen en besikers stadichoan tebek. De merke wurdt al hûnderten jierren op de earste moandei fan maaie en de lêste moandei fan oktober hâlden.

Foar dit jier feroaret dat yn snein 7 maaie en snein 29 oktober. Neffens Emiel de Vlas fan de stichting docht dit fuortendaliks fertuten: it oantal ynskriuwingen is mei mear as 20 prosint omheech gien.