Ferlies tsjin Flamingo's mei VC Snits net mear deare

(fotofoarbyld) © ANP
De follybalfroulju fan VV Snits hawwe sneintemiddei de wedstriid tsjin Flamingo's mei 3-2 ferlern. De útslach wie net mear fan belang, want de Snitser froulju wiene sneontejûn al wis fan de finale om de lânstitel. Dat kaam trochdat konkurrint Set Up '65 yn eigen hûs hurd ûnderút gie tsjin Alterno. Snits ferlear mei de setstannen 26-24, 23-25, 25-14, 24-26 en 13-15.
De twa finalewedstriden tsjin Sliedrecht Sport wurde fan takom wike snein ôf spile.