Gouden Spiker nei Blaast de Bazuin fan It Bilt

Yn Oerterp is sneon it Gouden Spiker Festival nei twa dagen ôfsletten. Mear as 30 brassbands en jeugdorkesten striden om de Gouden Spikers. Yn de 5e difyzje dy' t freed halden waard gie Pro Rege B fan It Hearrenfean ûnder lieding fan Martine Reijenga mei de Gouden Spiker nei hûs foar it bêste totaalprogramma. Op sneontemoarn wie it earst de beurt oan de jeugdorkesten. De Oerband fan Oerterp gie mei de heechste priis nei hûs. De sulveren spiker waard wûn troch Pro Junior út Gerkeskleaster, de brûnzen waard wûn troch Jong SDG Rinsumageast.

Yn de 4e difyzje waard de Gouden Spiker wûn troch Bernlef Noardburgum ûnder lieding fan Theun van Leijen. Letter op de jûn kamen der noch 9 brassbands op it poadium. Sy striden om de prizen yn de 3e difyzje. Blaast de Bazuin fan Alde- en Nijebiltdyk ûnder lieding fan dirigint Paulus de Jong kaam dêr as grutte winner út de bus. Sy wûnen neist de Gouden Spiker ek noch in workshop dy't jûn wurde sil troch in Belgyske toptrombonist. Alle útslaggen binne werom te finen op de website fan it Spikerfestival.