René Hooghiemster tredde yn Arno Wallaard Memorial

René Hooghiemster © Baby-Dump cyclingteam
René Hooghiemster is sneon tredde wurden yn de Arno Wallaard Memorial. De Drachtster hurdfytser moast nei 184 kilometer op de einstreek yn Meerkerk de Belch Timothy Stevens en Sjoerd Kouwenhoven foargean litte.
De wyn spile in grutte rol yn dizze koers. It waard in wiere 'waaierwedstriid'. De earste waaier fan sa'n 30 hurdfytsers waard letter in groep fan tsien. Yn de finale folge de iene oanfal de oare op. Trije man naaiden út. Dy trije soene letter op it poadium stean.