Trije belangstellenden melde harren as 'nij CDA-talint'

CDA
Op in oprop fan it CDA yn Achtkarspelen om nij talint te finen binne sneon trije minsken ôfkaam. De partij hope nije minsken te finen foar yn de gemeenteried, it bestjoer of foar de ferkiezingskampanje. Gadingmakkers foar in politike funksje koene terjochte op kemping Blauferlaat yn Stynsgea.
Foarsitter Nico Bos hie hope op wat mear belangstelling, mar is dochs tefreden. Neffens him hawwe der ek noch in pear minsken reagearre dy't der sneontemoarn net by wêze koene, mar dy't mooglik wol wat foar it CDA dwaan wolle. It bliuwt neffens him foar de polityk lestich om minsken te berikken.
Oars die it CDA faak in berop op de leden, om freonen en kunde te mobilisearjen. Bos tinkt dat syn partij yn de takomst noch wol faker gearkomsten organisearret foar nij talint, mooglik noch foar de ferkiezings fan 21 maart takom jier.