Harkemase Boys hurd ûnderút by VVOG

Harkemase Boys hie it sneon net maklik tsjin VVOG. Yn Hurderwyk ferlearen de Boys mei 4-1. Nei it beheljen fan de twadde perioadetitel, ferline wike, wie it no wer mei beide fuotten op de grûn. En dat foel net ta. Yn it begjin wiene der wat kânsen oer en wer, mar yn de 20e minút skoarde Jeremy de Graaf fan VVOG frij malik de 1-0 út in foarset. Yn de 36e minút makket De Graaf ek de 2-0 foar VVOG. Yn de 40e minút ûntsnapten de Boys oan de 3-0. Der slagge net in soad yn de earste helte by Harkemase Boys.
Nei it skoft kamen de Boys der ek net folle oan te pas. Yn de 55e minút skoarde Wesley de Klein fan VVOG de 3-0 út in rebound. Harkemase Boys tocht oan bútenspul, mar it doelpunt telde wol mei.
It fiedere ferrin fan de wedstriid gie net goed foar de Boys. Yn de 63e minút skoarde De Graaf syn tredde doelpunt en waard it 4-0. Mar yn de 66e minút waard it 4-1 troch in penalty dy't fersulvere waard troch Oebele Schokker. VVOG krige noch in soad kânsen, mar it bleau by 4-1. In dik, mar terjochte ferlies fan Harkemase Boys.