Fytser yn sleat by Burchwert wie net goed wurden
De fytser dy't freedtejûn let oan de Kleasterwei by Burchwert yn de sleat fûn is, wie gjin slachtoffer fan in ûngelok. De man is net goed wurden en dêrtroch yn de sleat bedarre.
De man waard fûn troch syn frou. Dy hat de helptsjinsten ynskeakele. De man is earst reänimearre en dêrnei nei it sikehûs brocht. Dêr is de man opnommen.