Krûdhôf iepen mei 'Kroonjuwelen' en Hortus app

Botanyske tún De Krûdhôf yn Bûtenpost iepenet sneon de eksposysje 'Kroonjuwelen'. Dat dogge se omdat 2017 útroppen is ta 'Jaar van de Botanische Tuinen'. Yn 25 tunen, ferspraat oer hiel it lân, is de útstalling te sjen, en sadwaande ek yn Bûtenpost.

Yn de Krûdhôf binne 29 planten selektearre foar it grutte publyk om mei yn 'e kunde te kommen. Mei help fan gidsen wurdt it publyk holpen it paad troch de tún te finen. Nij is dat yn de tún yn Bûtenpost minsken ek gebrûk meitsje kinne fan in spesjale app. De Hortus Chat is in app dy't minsken op GPS fertelt oer de planten yn de tún. It stjoert in berjocht as je by in plant yn de buert komme.