Fytser yn sleat fûn by Burchwert
Yn in sleat oan de Kleasterwei by Burchwert is freedtejûn in fytser yn in sleat fûn. De man waard fûn troch syn frou. Sy warskôge de helptsjinsten. Dy rieden massaal út en hawwe de fytser reänimearre.
It is noch ûnbekend hoe't it slachtoffer krekt yn 'e sleat bedarre is. De man is opnommen yn it sikehûs.