Advokaat Canoy: ''Ophâlde mei it straffen sûnder rjochter''

21 apr 2017 - 19:25

It Iepenbier Ministearje moat dermei ophâlde straffen út te dielen sûnder dat der in rjochter oan te pas komt. Dat seit de Ljouwerter advokaat Bart Canoy. It komt te faak foar dat minsken in straf akseptearje, wylst skuld hielendal net fêst stiet, seit er. Earder dizze wike sei foarsitter Frits Bakker fan de Ried foar de Rjochtspraak dat it te faak foarkomt dat der in saneamde strafbeskikking oplein wurdt.

Der sitte ek foardielen oan de strafbeskikking, seit Canoy. Fertochten binne earder klear mei in saak dan wannear't se op in rjochter wachtsje moatte, en it ferminderet de wurkdruk by de rjochters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)